Gepubliceerd op dinsdag 1 april 2008
IEF 5924
De weergave van dit artikel is misschien niet optimaal, omdat deze is overgenomen uit onze oudere databank.

De Kameleon sjocht yn it waar

kameleon.gifWie het vonnis heeft mag het mailen. “Neidat de Fryske Kameleonfilm yn 2002 útbrocht is, is der in rjochtsaak tsjin de feriening oanspand, troch ûnder oaren Uitgeverij Kluitman. Yntusken hat der in útspraak yn dizze saak west, en moatte wy yndie in boete betelje.

De kameleonfilm wie in ludike aksje omdat wy fan betinken wiene dat de film yn it Frysk útbrocht wurde moatten hie. Us fout wie dat wy deselde personaazjes as de Nederlânstalige film brûkt ha. Wy steane noch hieltiten efter dizze moaie aksje foar de Fryske taal.

De rjochter hat beslist dat wy ynbreuk makke ha op de auteursrjochten fan Kluitman. Yn de útspraak binne wy feroardiele ta it beteljen fan in totaalbedrach (ynklusyf juridyske kosten) fan sa'n 11.300 euro. De boete is yn earste ynstânsje betelle troch in âldlid fan Bernlef.

Bernlef yn Aksje.

Wy wolle it jild dat mei dizze saak muoit is graach werombetelje. Om dit jild wer werom te fertsjinjen wurdt der in aksje op tou setten. It idee wolle wy noch net nei bûten bringe, om’t wy noch drok dwaande binne mei it meitsjen fan konkrete ôfspraken mei guon partijen. Wy kinne wol sizze dat it wer in ludike aksje wurdt foar it Frysk, mar gjin twadde kameleonfilm”

Lees hier  en hier  en hier meer.